IepenUP fan 10 jannewaris 2018 - Lânskipspine

    Lânskipspine: witsto wat dat betsjut? Sjoernalist Jantien de Boer joech dyn namme oan de minne steat fan de biodiversiteit fan it Fryske lânskip. Fûgels, planten, bisten, lûden en geuren wurde opoffere oan de produksjekrêft fan de lânbou. Wittenskippers, keunstners, boeren, politisy en belanghawwenden prate yn IepenUP dizze wike oer lânskipspine.

    De fragen dy't jûn sintraal steane binne: hoe kinne wy de lânskipspine fersêftsje, hokker yngrepen binne dêrfoar nedich en is it tij foar ús boerelân noch te kearen.Te gast binne sjoernalist Jantien de Boer, Froukje Hernamdt fan de Fryske Milieu Federaasje, keunstner Claudy Jongstra, professor natuerbehear Frank Berendse, boer Johan Boersma, heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma, deputearre Johannes Kramer (FNP) en de band SWEETGODANIMALS.

    IepenUP

    It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
    (advertinsje)