Hynstekeuring fan 16 jannewaris 2021 09:00

De spektakulêre Matthys 504 wie de algemien kampioen fan 2020, soe it him dit jier nochris slagje? Of pakt de reserve kampioen Nane 492 de titel? Sy en noch hiel wat oare hynsten fan it stamboek meie sneon 16 jannewaris wer har bêste fuotsje foarsette by de KFPS Hynstekeuring. It kommentaar by de bylden komt fan Omrop Fryslân-presintator Gerrit de Boer en deskundige Henk Dijkstra. Yn it programma is ek in tal nijsgjirrige items te sjen.

Hynstekeuring

De jierlikse hynstekeuring fan De Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ (KFPS) is live te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.
(Advertinsje)