Hynstekeuring fan 13 jannewaris 2018 08:30

It Frysk Hynder stiet 11, 12 en 13 jannewaris 2018 wer yn de 'spotlights' by de jierlikse hynstekeuring fan 'Het Friesch Paarden-Stamboek' yn Ljouwert. Sneon 14 jannewaris stjoert Omrop Fryslân de keuring fan de stamboekhynsten live út op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app fan 8.30 oere ôf. Sjoggers kinne reagearje fia de Omrop-app.

By de bylden fan de hynstekeuring op sneon wurdt live kommentaar jûn troch Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra fan 'Het Friesch Paarden-Stamboek'. It kommentaar wurdt ôfwiksele mei ynterviews. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk kommentaar en Dútsk kommentaar. Dit jier wurdt de ek foar it earst in folslein Nederlânske stream online oanbean. Njonken de keurings binne der showrubriken te sjen, mar it hichtepunt fan de dei is alle jierren de beneaming fan de 'Kampioen stamboekhynst'. Hokker hynst sil op 13 jannewaris de titel bemachtigje? Dat wurdt tusken 17.00 en 17.30 oere bekend.

Hynstekeuring

De jierlikse hynstekeuring fan De Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ (KFPS) is live te folgjen op Omrop Fryslân Telefyzje, Omroplive.nl en de omrop app.
(advertinsje)