Hjoed Ekstra fan 14 juny 2013 12:00 oere

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima binne freedtemoarn om njoggen oere oankommen by it provinsjehûs yn Ljouwert foar in koarte besite. It pear docht alle provinsjes yn Nederlân oan, om dêrmei yn 'e kunde te kommen.

Yn Fryslân giet it freedtemoarn yn rap tempo fan Ljouwert nei Akkrum, De Jouwer, Ealahuzen en Starum. Dêr stappe de kening en de keninginne op de fearboat nei Enkhuzen. Fan 'e middei bringe Willem-Alexander en Máxima in besite oan de provinsje Noard-Hollân.

Share this page on:

Hjoed Ekstra

Op mominten dat it nijs hjir oanlieding ta jout besiket Omrop Fryslân sa gau mooglik mei in ekstra útstjoering fan Hjoed te kommen.
(advertinsje)