Henk Gemser: 'Ik hie mei him ûnderdûke moatten'

    Fia de telefyzje kamen yn 1967 bylden fan in ferskriklike hongersneed yn Biafra yn de wenkeamers. Deasike bern mei aaklik tinne skonken en dikke opblaasde búkjes. Tsien fan harren waarden nei Nederlân ta helle. Asuquo, in jonkje fan tusken de 6 en 9 jier, kaam yn in refalidaasjesintrum yn Arnhem. Annie Gemser, de frou fan Henk Gemser wurke dêr en naam Asuquo yn de wykeinen mei nei hûs. Sa waard hy opnommen yn de húshâlding. Nei trije jier kaam fan hegerhân it befel dat Asuquo werom moast. Henk en Annie Gemser ha gehoar jûn oan dat befel en Asuquo gie werom nei Biafra, dat ûnderwilens Kongo hiet. Nei in healjier krige de famylje Gemser it berjocht dat Asuquo ferstoarn wie.
     

    Buro de Vries (Podcast)

    In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
    (advertinsje)