Hea! fan 9 septimber 2019 17:25

Heech yn de kabine njonken in frachtweinsjauffeur sitte en sa in hiele dei fuort te riden. Machtich. Jan Klijnsma organisearre foar de tsiende kear in truckrit werby 't minsken mei in beheining as byriders meiride mochten. Mar leafst 86 frachtweinen dienen mei. In belibbenis foar sawol byrider as sjauffeur. En in spesjale edysje foar Klijnsna sels, hy fierde dy dei syn 50ste jierdei.

En by Rotsterhaule treffe we yn 'e berm twa froulju. It binne suskes. Se komme út Noard-Hollân en hawwe fakânsje. Beide ha al it ien en oar meimakke. . 

Meiride yn in frachtwein

In lange rige fan 96 frachtweinen mei bysûnder byriders. 

In broadsje ite yn 'e berm

Efkes skoft op in moaie dei ein augustus. Twa sussen ite in broadsje yn 'e berm.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)