Hea! fan 9 oktober 2019 17:20

Soe Zeres Boszorg uit De Haule it âldste hynder fan Fryslân wêze? Eigener Bianca Hulleman tinkt it hast fan wol. It heechbejaarde hynder is net allinnich bysûnder om syn leeftiid, mar ek om syn sportive prestaasjes yn de jierren tachtich. En Suzan Bosch út Bûtenpost makket keunst fan planten, gers en blomkes. "It giet my net om datjinge wat ik meitsje, mar om it proses dêr't ik trochhinne gean. Ik mei graach ferrast wurde."

Draafhynder Zeres al 37 jier

Bianca Hulleman wie de iennichste dy't mei Zeres syn lêstige karakter omgean koe. Op har achttjinde krige se it bist, at se tasei him net mear yn de baan drave te litten. 

Ekoprintsje mei Suzan Bosch

"It leukste fyn ik om dingen te brûken, dêr't se net foar bedoeld binne." Dat binne de wurden fan keunstner Suzan Bosch út Bûtenpost. Mei materialen út de natoer makket se yn har eigen atelier moaie ekoprinten. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)