Hea! fan 9 novimber 2017 17:35

Lammert it skiep en Gerrit Ringnalda binne in bysûndere ferskining yn Boalsert. Alle dagen meitsje se in kuierke troch de stêd. Lammert is in wouterlaam en troch Gerrit grutbrocht mei molke. No is it bist sa nuet dat it syn baaske yn alles achternei rint.
De doedelsekken fan de Graham Lowlanders Pipes and Drums klinke alle moandeis troch in sealtsje yn Ljouwert. Dêr wurdt yn kilt oefene op de Skotske muzyk. De band hat der nei in kampanje wer wat nije leden by. En dy moatte al goed repetearje, want doedelsekspylje is sa ienfâldich noch net.

Lammert it skiep

Lammert it skiep en syn baas Gerrit Ringnalda meitsje alle dagen in kuierke. 

Graham Lowlanders

De repetysjejûn fan doedelsekband de Graham Lowlanders Pipes and Drums yn Ljouwert.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)