Hea! fan 9 maart 2017 17:35

Trije stoere froulju út Winaam dûke sa faak as se kinne it kâlde wetter fan de Waadsee by Roptasyl yn. Swimme yn it kâlde seewetter is goed foar de bloedsomloop. En it jout Jantsje, Esther en Frouk in geweldige boost om sa te swimmen. Al kinne se sa no en dan wol rekkenje op frjemde blikken.
De Blue Tape Band komt mei in nije CD! De âlde rockers mei in trochsnee leeftiid fan 70 jier spylje noch mei de measte wille. De cd 'Be Rare' is ek in earbetoan oan harren ferstoarne bandlid Rob Romkes, better bekend as 'Pommes'.

Seeswimme

Trije froulju út Winaam springe sa faak as se kinne yn it kâlde wetter fan de Waadsee om in eintsje te swimmen. En dêr fiele se harren geweldich by.

Blue Tape Band

Nei 30 jier bringe de mannen fan de Blue Tape Band noch in nije cd út. De âlde rockers binne al aardich op leeftiid, mar spylje noch mei de measte wille.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)