Hea! fan 9 maart 2016 18:20

Grietje Talsma fan Snakkerbuorren is al 86 jier mar wit net fan ophâlden. Se jout noch pianoles oan trije famkes, wêrûnder har beppesizzer. Muzyk is har libben, dat bliuwt sa oant har dea ta. Se hat der ek al twa oarkonden oan te tankjen. Mar der komt no in hiel oare oarkonde by.

Ron Loorbach út Jirnsum is fan syn 8e jier ôf al modelbouwer. Hy ûntwurp en makke sels dingen, mar troch sykte kin dat net mear. Hy hat no op souder in grut lânskip rûnom in buorkerij makke mei alles derop en deroan. Dêr krijt hy wer enerzjy fan.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)