Hea! fan 9 maart 2013

Remco Hamstra is gek fan aaisykjen. Alle dagen rint hy moarns betiid troch de greide mei syn kiker. Op syk nei de ljip én nei in nêst fansels. De nêsten hat hy al fûn, mar no noch in aai. Want Remco wol dit jier eins hiel graach it earste aai fine.

Yn Folsgeare fleane yn de pleats fan Wout Zijlstra de kûgels yn it Hea!. De Hea!-souder is suver in sportskoalle, dêr't Lub Wiarda lesjout yn kûgelstjitten. Wiarda wie ea bûnscoach mar traind no jonges en famkes oant 16 jier. Ek de bern fan Wout wurde traind troch him, én mei skukses. Foar Wiarda giet it foaral ek om de wille dy't se der oan hawwe.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)