Hea! fan 9 maaie 2018 17:35

Moai waar, liters bier en tsientallen obstakels. Hea! wie by it earste Fryske kampioenskip Bokkenollen yn Goaiïngaryp. Dizze Brabânske tradysje hâldt yn dat dielnimmers mei fjouwer folle bierglêzen in stoarmbaan oer moatte. Wa't oan de ein it measte bier oer hat, hat wûn. Mar oft it in Fryske kampioen opsmite sil, is noch mar de fraach, want der dogge ek Belgen mei. 

En Nammen de Roos út Mûnein. Hy stipet syn bern as der klust wurde moat yn it hûs, omdat er altyd yn de bou wurke hat. Mar de bou is net mear sa as it wie.. 

Frysk kampioenskip Bokkenollen

Mei fjouwer glêzen bier oer hindernissen

Nammen de Roos

De bou is net mear sa as it wie

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)