Hea! fan 9 juny 2012

Yn Terwispel stiet in hotel foar einepykjes! By de famylje Koopmans binne 5 eine-aaien útbret yn de briedmasine. In pear dagen lyn binne de einepykjes út it aai kaam, en no wenje se yn in prachtich ûnderkommen, spesjaal makke troch heit Koopmans. Dochter Nienke en buorjonkje Dennis soargje foar de pykjes, en it ûnbrekt harren oan neat.

André Bosma fan Nijskoat is in bysûndere jonge man. Hy hat in slim ûngemak hân mar besiket der no écht wat fan te meitsjen. André sammelet pennen. Hy hat der al in hiel soad, wol mear as twatûzen.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)