Curling is in yn populariteit groeiende sport. De stiennen moatte oer in iisbaan safier mooglik fuort skood wurde. Mar curling kinne je ek mei fluittsjettels dwaan. En dat besochten se yn Marsum op it keunstiisbaantsje, oanlein by it Poptaslot.
Op it Harnzer timmerwurkplak kinne je fan alles meitsje mei hout. Pensjonearre timmerlju mei in libben lang ûnderfining helpe minsken dy't it timmerjen leare wolle. En sa wurde kastjes, krukjes, fûgelhúskes en skilderijlisten makke.