Hea! fan 9 jannewaris 2012

'Einekoer flechtsjen heard by Fryslân'. Dat seit Gjalt de Groot fan Holwert. Gjalt jout yn syn 'swetshok' dêrom les yn it flechtsjen fan einekuorren. Yn it smûke swetshok hawwe in groepke manlju it swit op 'e holle stean fan it flechtsjen.

Op It Hearrenfean wurdt bar 'de Oase' ferboud. Kroechbaas Sjoerd Nicolai woe syn klanten net bûten stean litte fansels en betocht in aparte oplossing. Syn klanten kinne fan dizze wike ôf terjochte op de Elvira. In salonboot dy't foar de doar fan de Oase leit. Nicolai hat no dus in driuwende kroech.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)