Hea! fan 9 desimber 2020 17:15

It hûs fan Henk Stallman fan Snits stiet fol mei houten boartersguod. Wol 17 stellingkasten stean ferspraat troch it hûs, fol mei autokes, poppekeamers, winkeltsjes, theekeamerkes en poppeweinen. It measte makket hy sels. De dokter sei dat Stallman fanwegen syn artroaze folle minder mobyl wurde soe. En dus betocht hy in hobby dêr't hy by sitte kin. Alle dagen is Stallman no dwaande mei syn houten boartersguod.

De 33-jirrige Tsjebbe Jetse Dykstra wennet mei syn âlden op in pleats op Skarl. Tsjebbe Jetse hâldt fan dingen meitsjen. As it der net is dan betinkt hy it sels. Op dit stuit is hy drok dwaande mei in sels betochte houtknipmasine.

It boartersguod fan Henk

It hûs fan Henk stiet fol mei houten boartersguod

De houtknipmasine fan Tsjebbe Jetse

Tsjebbe Jetse makket in selsbetochte houtknipmasine

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)