Hea! fan 8 septimber 2020 17:15

Mei de meanmasine yn de bakfyts giet Jorrit de Groot by syn klanten del. De 13-jierrige Biltker hat no al syn eigen gersmean-bedriuwke. Tsjin betelling meant hy de tún, en dêrby hat hy al in aardige klantekring opboud. Mar Jorrit syn plannen binne grutter: nei syn 18de wol hy de hoareka yn en úteinlik in eigen cateringbedriuw begjinne. 

Mear as 20 jier koe elk der terjochte foar ferklaaiersklean foar karnaval, toaniel of feest. Mar no dogge Teatske en Jan Sikke Jongsma fan De Theaterwinkel yn Grou harren enoarme kolleksje fan de hân. De sûnens en de leeftiid begjinne mei te spyljen. Mar de útferkeap fan al dy kostúms, huodden en prûken giet wol mei pine yn it hert.

Jonge gersmeander

De 13-jierrige Jorrit de Groot fan St. Anne hat syn eigen gersmean-bedriuwke. 

Theaterwinkel hâldt útferkeap

De Jongsma's fan De Theaterwinkel yn Grou hâlde grutte útferkeap. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)