Hea! fan 8 oktober 2020 17:15

Al as lyts jonkje hope Jelle Wietse de Haan fan De Westereen ea in skat te finen. Doe't er op syn achtste in metaaldetektor op 'e jierdei krige, begûn er te sykjen. Yntusken is Jelle Wietse 16 jier en syn mancave achter hûs leit fol mei moaie boaiemfynsten. Hy fynt it it moaiste as er de achtergrûn en skiednis fan syn fynsten achterhelje kin. Syn grutstke skat oant no ta: in Romeinske balteus fan 2000 jier lyn.

Johannes Wierstra en Maurice Kok binne yn Marrum drok dwaande mei sipels oerlade. De beide jonges moatte safolle mooglik túch en oare ûngerjochtichheden fan de rinnende bân krije, sadat de sipels sa skjin mooglik opslein wurde. In moai bybaantsje, want de jonges sitte noch op skoalle. Mar om no letter sels ek sipelboer te wurden, dat witte se net. 

Skat sykje

Jelle Wietse de Haan fan De Westereen fynt fan alles mei syn metaaldetektor. 

Sipels sorteare

Johannes en Maurice binne drok oant wurk yn de sipels. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)