Hea! fan 8 oktober 2014 18:20

Pietsje Wynia fan Waaksens mei stomme graach kleanmeitsje. Sy hat dat har hiele libben lang al dien. Foaral foar har bern, mar dy binne ûnderwilens hast allegearre de doar al út. Doe't de ferfeling tasloech, is se begûn kleantsjes te meitsjen foar poppen en dat rint no aardich út de hân.

Ebrahim Hemmatnia hat in missy. Hy wol de wrâld oer mei syn sels ûntwikkele boatfyts. Dêr lûkt er fjouwer jier foar út. Ebrahim wennet, libbet en fytst de kommende jierren op syn unike boatfyts en freget oandacht foar in wrâld sûnder grinzen

www.facebook.com/bootfietser
www.boatbiker.com

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)