Hea! fan 8 novimber 2013 17:40

Remmelt en Joke de Graaf hawwe in dakpannebedriuw yn Noardburgum. Se hawwe it noch hieltyd smoardrok mei de neisleep fan de stoarm. Gelokkich krije se stipe fan de bern en fan oaren. Klanten ride de hiele dei ôf en oan mei kroaden. Betiden is it lang sykjen om dat iene model.

De Ljouwerter Jeroen Efdé hat net allinnich kwaliteiten as útsmiter, mar hy kin ek it perfekte bierke taapje. Hy is lêsten kampioen fan Fryslân wurden. En as de bierkes poerbêst smeitsje, dan moat er ek wol ris as útsmiter optrede.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)