Hea! fan 8 maaie 2019 17:35

Alle tiisdeis prate Anne Bosma en syn kanofreonen earne yn Fryslân ôf foar in moaie kanotocht. Hjoed binne de hearren te finen op it wetter yn de moaie natoer by Earnewâld. Want kanofarre giet net allinnich om de beweging en gesellichheid, je kinne ek hearlik genietsje fan de stilte, rêst en romte, fine de manlju. En yn Brantgum hat Elly Leijsta-van der Velde it hiem fol stean mei bakken mei blikjes en dopkes. Alle dagen is se drok mei it sortearjen fan guod, dat minsken by har ynleverje. Leijstra krige trije jier lyn te hearren dat se in net te behanneljen harsentumor hat. Sy wol graach dat der mear ûndersyk nei dizze soart komt. "Myn projekt 'Blikje Dopje' is myn driuwfear om alle dagen wer fan bêd te kommen."

Kanofreonen yn 'e natoer

It giet de manlju net allinnich om de beweging en de gesellichheid. Se fine ek de natoer, de romte en de stilte prachtich, dy't se ûnderweis belibje.

Blikjes en dopkes foar it goeie doel

Om de seis wiken wurde de grouwe bakken by Elly Leijstra op it hiem lege. Har doel is om 100.000 euro yn te sammeljen foar ûndersyk nei harsentumoaren.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)