Hea! fan 8 maaie 2018 17:35

Trije dagen lang keatse, spultsjes dwaan, en meielkoar ite en sliepe: dat is it keatskamp foar de bern fan seis oant trettjin jier út Easterein. De keatsferiening fan Easterein organisearret it kamp al foar de fiifde kear. Mei súkses: der dogge mar leafst 42 bern mei. En meielkoar kampeare yn de kantine fan de sportferiening is fansels ek hiel gesellich.

Elk yn syn eigen tempo, en elk syn eigen ôfstân. Mar it giet om it meidwaan. De minsken fan bedriuwepleats It Aventoer út Oentsjerk traine alle woansdeitejûnen foar de rinwedstriid Trynwâlden yn Beweging. It Aventoer biedt soarch en wurk oan minsken mei in beheining. En ek al kinne se net allegearre likegoed hurdrinne, it meielkoar yn beweging wêze is it belangrykste. 

Keatskamp

It keatskamp fan de bern fan Easterein. 

It Aventoer

De minsken fan It Aventoer út Oentsjerk traine foar in hurdrinwedstriid. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)