Hea! fan 8 maaie 2017 17:35

Iiskâld wetter, in skerpe wyn en in gefoelstemperatuer ûnder nul. Net ideale omstannichheden om lekker te trainen foar je sport, soene je sizze. Mar de leden fan de kuorbalskoalle Grou en de karateferiening Iryoku út Ljouwert jouwe nearne om en dogge it. Moarns ier en betiid farre se it Waad op om op in drûchfallen plaat te sporten.
En de famylje Van der Sluis út Koatstertille genietet fan it bûtenwaar. Nei in drege tiid fan siikwêzen, brekt de sinne wer troch.

Sport op it Waad

Kuorbalje en karate op in iiskâlde drûge plaat op it Waad.

Van der Sluis yn Koatstertille

De famylje Van der Sluis genietet nei in dreech skoft fan it bûten wêzen.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)