Hea! fan 8 juny 2017 17:35

    Julius Bouwsema út Apeldoorn rint staazje by boer Pieter Kalsbeek yn Wergea. Dat fynt Julius it moaiste wurk dat der is. Mar troch syn lichaamlike beheining kin hy minder hurd as in oar. Likegoed set hy him foar de folle hûndert prosint yn. Boer Kalsbeek is wiis mei syn positive en fleurige staazjerinner. Tegearre komme se in hiel ein.

    Staazjerinner Julius

    Julius Bouwsema (18) út Apeldoorn is wol de fleurichste en meast posityf ynstelde stazjêr fan Fryslân.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)