Hea! fan 8 jannewaris 2020 17:20

Binne je al wat âlder en wolle je toch nochris in blaasynstrumint bespylje of de muzyk nei jierren werris oppakke? Dan binne je op it korps foar weryntreders yn Tsjerkwert te plak. Hendrik en Ieb de Jong stapten der in jier lyn op, en fine it meielkoar musisearjen prachtich. 

En de 88-jierrige Theo Tjepkema hâldt nei 50 jier op as atletyktrainer by Lionitas yn Ljouwert. Jierrenlang trainde hy de jeugd fan de atletykferiening, mar no al 30 jier de folwoeksen rekreanten. En noch altyd stie Tjepkema twa kear yn de wike in moarnskoft op de baan. 

Weryntreders-korps

By it weryntrederskorps fan Tsjerkwert kinne âlderen wer in muzykynstrumint oppakke. 

50 jier atletyktrainer

Theo Tjepkema (88 jier) hat 50 jier atletyktrainer west by Lionitas yn Ljouwert. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)