Hea! fan 8 jannewaris 2014 17:40

Hast alle Friezen dy't in Frysk hynder hawwe, wiene it ôfrûne wykein te finen yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Want dêr waard oefene foar de muzykteatershow Faderpaard. It stik is in oade oan it Fryske hynder. Sa waard ek oefene mei de Fryske kwadrylje. Pé Miedema wie der ek. Jierrenlang wie hy belutsen by de Fryske kwadrylje. Hy docht no net mear mei. Mar dochs is hy te finen by de tariedings dizze dagen want de leafde foar it Fryske hynder sit djip.

En Bote Lei en Bote Schoorstra fan de gemeente Dongeradiel ha in moaie put dizze wike. Se binne mei in buske de hiele gemeente troch om alle krystbeammen wer op te romjen.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)