HEA! fan 8 desimber 2021 17:15

Frameskating is in nije sport foar bern mei in beheining. De Sven Kramer Academy hat mei Het Gehandicapte Kind in pilot úteinset op Thialf. Mei in spesjaal frame kinne bern mei in beheining lekker glydzje op it iis. De bern dy't meidogge oan de pilot hawwe der och sa'n wille yn.

Roel Limburg ferfeelt him nea. Hy is altyd mei hout dwaande. Alle dagen is hy yn syn wurkplak te finen. It begûn mei in houten mûne. Dy stiet no te pronkjen yn Roel syn de tún yn Wierum. Dêrnei hat hy hiel wat makke fan hout: sliden, kroaden, in brêge en gean sa noch mar even troch. Syn nijste projekt wurdt in draaimûne.

Frameskating

Lekker glydzje op it iis

Roel hâldt fan hout

Roel makket fan alles fan hout.

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)