Hea! fan 8 desimber 2020 17:15

'Troch muzyk te meitsjen liket it wol as wurde se wekker út in wintersliep'. Dat seit ien fan de begelieders fan De Martina's, in muzykband foarme út besikers fan it Odensehûs yn Ljouwert. In Odensehûs is in ynrinhûs foar minsken mei (begjinnende) Alzheimer en mantelsoargers. De band spilet nûmers dy't passe by harren leeftiidskategory. De muzikanten begjinne te strieljen at se wer spylje en sels de âlde songteksten sitte der noch hielendal yn. 

Alle tiisdeitemoarnen binne de 'bosjesmannen' te finen yn it Sickenga-boskje achter de tsjerke Op de Hoogte yn Wolvegea. De al wat âldere hearen ûnderhâlde it tsjerkeboskje frijwillich. De tsjerkemienskip krige de bosk út de neilittenskip fan Aleida Sickenga, en brûkt it no foar aktiviteiten of edukative doelen. De bosjesmannen snoeie, feie it blêd oan en romje tûken op mei in soad nocht en wille. Want it praten en meielkoar kofjedrinken is ek hiel gesellich.

De Martina's

Muzykmeitsjen helpt de leden fan de band De Martina's harren sykte Alzheimer efkes nei de achtergrûn ferdwine te litten. 

Bosjesmannen út Wolvegea

De 'bosjesmannen' wurde se neamd, de frijwilligers dy't it tsjerkeboskje fan Wolvegea ûnderhâlde. 

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)