Hea! fan 8 april 2019 17:35

In sike bear, in hûn mei in brutsen poatsje of in aap mei in skuord ear: it kin allegearre ferholpen wurde op de Knuffelpoly fan sikehûs MCL yn Ljouwert. Basisskoallebern meie dêr delkomme mei harren knuffelbist. Sa leare se tagelyk hoe't it yn in sikehûs der om en ta giet. En foar de dokters yn oplieding is it in moaie wize om ûnderfining op te dwaan mei it behanneljen fan jonge pasjinten.

Se is al 76 jier, mar noch altyd stiet se mei in soad wille foar klassen mei basisskoallebern. Anne Osinga út Dokkum wurdt hiel geregeld frege om yn te fallen as der in fêste juf of master siik is. It moaiste fynt juf Osinga it om de bern dan ek te fertellen fan har reis nei Sina. 

Knuffelpoly

Op'e Knuffelpoly fan it MCL yn Ljouwert wurde alle sike knuffelbisten wer better makke. 

Ynfaljuf Anne

Anne Osinga út Dokkum wurket op har 76ste noch altyd as ynfaljuf yn it basisûnderwiis. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)