Hea! fan 7 septimber 2017 17:35

    De minsken fan wenfoarm 'Oars Wenje' yn Menaam hâlde wol fan in feestje. En de jierlikse barbecue is in hichtepunt. Yn in tinte yn de binnentún fan it kompleks komt it iten en de drank op tafel. En ek de deistige medisinen wurde net fergetten...
    Seinemeanen wurdt net safolle mear dien, mar 4 mannen út Blauhûs en Greonterp meie de seine noch graach beethâlde. En se ha it drok, want der is in soad gers dit jier. Mei syn fjouweren ha se der dan samar in hoekje ôf. En nei ôfrin is der tiid foar in gesellich slokje.

    Barbecue yn Menaam

    It barbecuefeest fan 'Oars Wenje' yn Menaam. 

    Seinemeanen

    Yn Blauhûs giet de seine noch troch it gers. 

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)