Hea! fan 7 oktober 2020 17:15

Johan van der Wal hat wol 10.000 cd's en 25.000 elpees. Syn hûs stiet der hielendal fol mei. Fan in moai liet kriget er triennen yn de eagen. Lykas "Als je weet wie ik ben" fan Vader Abraham. Foar Johan is muzyk emoasje. Jierren hat hy yn de izerhannel sitten, hy wennet noch altyd boppe de winkel. Hy wurket no net mear en kin de hiele dei plaatsjes draaie.

De muzyk fan Johan van der Wal

Johan van der Wal libbet foar de muzyk

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)