Hea! fan 7 Oktober 2013

Yn Snits wie it juster de lêste dei dat je nei de sânskulptueretentoanstelling ta koenen. Spesjaal foar dizze lêste dei wienen de touwen ferwidere en koenen blinen en minsken dy't min sjogge de sânbylden 'besjen'. Der is troch jong en âld drok gebrûk fan makke. Ien besiker mei hiele minne eagen kaam eins mear foar de gesellichheid as om de keunstwurken te besjen.

Yn Goeie! komme wy in man tsjin dy't drok dwaande is mei it oansteande doarpsfeest. Hy hat ek noch in ferrassing foar de Hea! ferslachjouwer.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)