Hea! fan 7 novimber 2019 17:20

Kij, Boeddhabylden, etalaazjepoppen... je kinne it sa gek net betinke of Koos Reinsma fan Ljouwert makket der wat kleurichs fan. De âld-reklameskilder kin net sa goed stilsitte. Yn syn túnhúske-atelier achter hûs is hy eins alle dagen wol oan it skilderjen. Sels syn learen jas moast der oan leauwe. Yn Britsum binne Durk Stienstra en Douwe Loonstra drok dwaande mei it skjinspuitsjen fan kroppen andyvje. Se binne foar de Voedselbank. De mannen ha de griente sels kweekt op de folkstún. 

De kleurrike wrâld fan Koos

Reklameskilder Koos Reinsma fan Ljouwert beskilderet alles dat je mar betinke kinne. 

Goeie yn Britsum

Durk Stienstra en Douwe Loonstra waskje andyvje foar de Voedselbank. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)