Hea! fan 7 novimber 2017 17:35

It is in fleurige bisteboel yn it hartekamp fan De Rottefalle. Harten, geiten, walibi's, hinnen, einen en swannen, fan alles draaft, rint en swimt dêr om. Mar behearder Lieuwe Booi docht it wurk mei leafde, Al is it in hiele toer om in jong geitsje in pil ta te tsjinjen. Der is ek bliid nijs: de swarte swannen ha jonge piken krigen!
Der is eins gjin nee te keap yn De Markthal op De Westereen. Antyk, kurioasa, boeken, muzyk, selsmakke guod; alle tongersdeis lizze de kreamen wer fol mei hannelswaar. Hanneljen sit de Westereenders fansels ek wol yn it bloed, dat der moat al stevich praat wurde oer in keap.

Markthal De Westereen

Der wurdt stevich hannele yn de Markthal op De Westereen. 

Hartekamp De Rottefalle

De fleurige bisteboel fan it hartekamp fan De Rottefalle. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)