Hea! fan 7 novimber 2013 17:40

Neffens Jente, Tjitte, Willem en Rutmer is der in ferskil tusken chillen en lui wêze. As heit op 'e bank sliept is hy lui, mar wat de jonkjes yn harren eigen karavan achter yn 'e tún dogge is chillen: fleske drinken mei in knakwoarst en in boekje derby of de televyzje oan.

Yn it natuergebiet de Deelen by Gersleat grave Roelof Paulusma en Oeds Dam fean út âlde petgatten. Dat litte se in skoft op de wâl lizze om te droegjen. In pear moanne letter wurdt it ophelle om der potgrûn fan te meitsjen. Twa echte bûtendoarmannen op 'e romte oan it wurk mei allinnich de fûgels om har hinne.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)