Hea! fan 7 maart 2019 17:35

It liket wat gek: robots as selskipsbisten by âlderen mei Alzheimer. Mar dochs foldogge de robotkatten en -hûnen yn soarchynstelling Stellinghaven yn Easterwâlde geweldich goed. De mechanyske bisten binne tige aaiber, gesellich en jouwe wille. De bewenners reageare der hiel goed op. En faak jouwe se oanlieding ta in praatsje oer eartiids.

In middei lesjaan yn dyn eigen talint. Dat dogge de masters en juffen fan basisskoalle Ekke de Haan op It Hearrenfean yn it 'Talent-projekt'. Sa kin juf Nellie Hoekstra hiel goed dûnsje. Nei it projekt binne de bern sa entûsjast dat der út de skoalle wei 2 dûnsgroepen ûntstiene. De fammen ha sels al meidien oan de Noard-Nederlânske kampioenskippen. 

Robotbisten yn Stellinghaven

Robothûnen en -katten jouwe de bewenners fan soarchynstelling Stellinghaven gesellichheid en wille. 

Dûnstalint-klasse

De famkes fan basisskoalle Ekke de Haan op it Hearrenfean binne echte dûnstalinten. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)