Hea! fan 7 maart 2012

    De man mei de fluiten
    Oeral yn de flatwenning fan Bernard Visser yn Boalsert hingje se oan de muorre: fluiten yn alle soarten en maten. De samling begûn mei in pikkolino doe't hy seis jier wie. Omdat hy brongitus hie, moast hy blaze op in fluit. En stadichoan waarden it der hieltyd mear. Hy hat sels in seldsum eksimplaar út in opgraving yn Guatamala.

    Goeie!
    Jelle de Boer stiet yn Boalsert op strjitte en sjocht dat de bewenners wekker wurde út de wintersliep. Hy is sels al mei pensjoen. Hy soarget no foar syn knyn, en de frou borduert. Se hawwe gjin tiid foar fakânsje.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)