Hea! fan 7 maaie 2018 17:35

De prachtige kleuren fan de tulpefjilden by Mullum lûke in soad sjoggers. Fytsers en kuierders meitsje graach even in stop foar in foto. En dochs moatte de kleurige koppen der hast ôf, want de groei moat net yn de blom sitte, mar yn de bol. Tulpeboer Doede de Jong ynspektearret syn fjilden earst noch op sykten en ferdwaalde oare kleuren. 

Cok Verduijn út Rinsumageast giet mei in skepnet it einekroas yn de fiver foar syn hûs te liif. De gemeente docht it net, dat de pensionado grypt sels mar yn. No hat hy it noch oan tiid, want as frijwilliger is hy ek wol gauris nei it bûtenlân. 

Tulpefjilden

De tulpefjilden fan Doede de Jong by Mullum. 

Goeie Rinsumageast

Cok Verduijn út Rinsumageast hellet it kroas út de fiver foar syn hûs. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)