Hea! fan 7 juny 2017 17:35

Se kinne net mei, mar ek net sûnder inoar: Hans en Leo Eikhoudt. De twa bruorren wenje al harren hiele libben yn itselde flatgebou op ‘e Corellistraat yn Ljouwert. As pubers fochten se elkoar de tinte wol út, mar no binne se gauris tegearre op 'en paad.

Fierders: Jelle Dijkstra is syn Rietveldstuollen en banken oan it fervjen. Hy hat se hielendal sels makke. Mar sitte dy stuollen wol noflik?

Hans en Leo Eikhoudt op de Corellistraat

Se hawwe nea troud west, lykje in protte opinoar en binne wol gauris tegearre op 'en paad.

Rietveldstuollen yn Wergea

Jelle Dijkstra oan it fervjen

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)