Hea! fan 7 juny 2012

De beukers fan de basisskoallen yn Warns wienen woansdei op ekskurzje yn Laaksum. Want dizze wike bestiet de haven fan Laaksum presiis 100 jier. De ynwenners fan Laaksum hienen in spannende rûte betocht foar de bern, werom yn de tiid. Sa seagen de beukers op in fiskersboat, makken se kennis mei in écht húske en it itensieden op in petroaljestel.

En yn Goeie! in stel dat oan it luierjen is oan de wetterkant. Se komme net út Fryslân ek al fielt it kwa lûd as wienen se thús.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)