Alle dagen hat Jan Stegenga fan Balk wol in pet op. Mar dat net allinnich: hy sparret se ek. Yn syn skuorke hingje oan lyntsjes wol in stik as 300 ferskillende. Op beurzen krige Stegenga wolris in pet kado, en nei ferrin fan tiid is dat útgroeid ta in hiele samling. Fan frou Stegenga mei de kolleksje sa stadichoan wolris opromme.
As it in bytsje kin binne Rick Peperkamp en Levi Bouma oan de wetterkant te finen. In ekstra frije skoaldei jout in moaie gelegenheid om yn Aldebiltsyl der noch in snoekje út te heljen. De mannen meie graach fiskje en hielendal no't der fierder ek net in soad oars te dwaan is. Mar de skoalresultaten fan Levi ha der wolris wat fan te lijen.