Hea! fan 7 jannewaris 2020 17:20

Poppedokter Jan Kalsbeek fan Drachten repareart al 35 jier hast eltse stikkene pop of bear dy't hy yn hannen krijt. Betiden bewurklike putsjes, mar Kalsbeek fynt it prachtich wurk. Foaral at de eigeners wer hielendal bliid binne at de stikkene poppe fan beppe of de bear fan in berntsje wer makke is. Nettsjinsteande syn leeftiid, is de 75-jierrige Kalsbeek noch net fan doel op te hâlden. Der lizzen dan ek noch wol 60 poppen op reparaasje te wachtsjen. 

Yn Hallum treffe we Chris Bierma dy't it houtwurk fan de pleats bûtenom himmelet. It moat barre, mar leaver soe Bierma wer fierder gean mei it ynelkoar setten fan de oldtimer auto dy't yn de skuorre stiet. 

De poppedokter fan Drachten

Jan Kalsbeek fan Drachten is al 35 jier ien fan de bêste poppedokters fan Nederlân. 

Goeie yn Hallum

Chris Bierma fan Hallum himmelet bûtenom, mar wie leaver dwaande mei syn oldtimer auto. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)