Hea! fan 7 jannewaris 2019 17:35

Op soarchbuorkerij 'Donia State Wester' yn Iens is Sonja dejinge dy't alles mei de kij docht. Se fersoarget se, fuorret se en bringte se fan alles by. Sonja is dan ek altyd achter by de bisten te finen. Har bân mei de kij is sa sterk dat se sels boppe-op bolle Romke lizze mei at se him skeart. 

En we krije de bêste winsken foar 2019 fan boer Frans Zwaagstra fan De Westereen. Dochs is Frans net sa posityf oer it nije jier en de wrâld dêr't we yn libje. Hy soe leaver wat minder geweld en wat mear leafde op tv sjen... 

Bolle skeare

Om bolle Romke te skearen mei Sonja boppe-op syn rêch lizze. 

Nijjierswinsken fan boer Frans

De bêste winsken foar 2019 fan Frans Zwaagstra fan De Westereen. 

Hea!

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)