Hea! fan 7 jannewaris 2015 18:20

It is in wûnder dat Jan Kronemeijer noch libbet. Hy wie drok dwaande mei de bou fan syn wenpleats yn De Wylgen doe't er in slim auto-ûngelok krige. Sûnt dy tyd, no sa'n achttjin jier ferlyn, sit er yn in rolstoel en kin er net folle mear. Syn pleats is úteinlik troch oaren ôfboud. Sels hat er no in makette makke fan de pleats dy't him sa dierber is. Hy hat dêr, mei help fan in meiwurker van Ikenhiem yn Beetstersweach, hast fiif jier oan wurke.

En yn Goeie treffe we yn Drachten in jonkje dy't fan syn heit de konteners himmelje moat.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)