Hea! fan 7 febrewaris 2019 17:35

De allerearste Nederlânske shuffleboardferiening sit yn Ychtenbrêge! Yn it doarp rekken se entûsjast oer de sport doe't in Dútsk demonstraasjeteam by harren oernachtte. Yntusken hat de feriening al in dikke 15 leden en sil der dit jier sels al meidien wurde oan it Europeesk kampioenskip Shuffleboard. 

De moaiste alpaca's fan Noard Nederlân wiene te besjen op in keuring yn Drachten. It fan oarsprong Súd-Amearikaanske bist hat in hege oankrûp-faktor, bern binne der dan ek gek op. 

Shuffleboard

De shuffleboardferiening fan Ychtenbrêge. 

Alpaca-show

De moaiste alpaca's fan it Noarden op in keuring yn Drachten. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)