Hea! fan 6 septimber 2019 17:20

Yn Skearnegoutum is de lieding fan it bubbelfuotbaltoernoai yn hannen fan Youri Kalsbeek. Youri hat in beheining, mar dat wjerhâldt him net om as frijwilliger alles foar de fuotbalklup te dwaan. 

En we helje in reportaazje fan de Hea!-souder út 2017: de poppesammeling fan Nel Joustra út Ljouwert. 

Bubbelfuotbal yn Skearnegoutum

It giet der omwei by it bubbelfuotbaltoernoai yn Skearnegoutum. 

Poppesammeling

Nel Joustra fan Ljouwert hat har hiele hûs oant de kop ta fol mei poppen te stean. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)