Hea! fan 6 novimber 2019 17:20

Gespannen stiet Annelies Laanstra klear mei har kat Lieve op 'e earm. Se moat noch efkes wachtsje want de keurmaster nimt har tiid. HEA! wie ôfrûne sneon op de kattetentoanstelling op De Gordyk, in soarte fan missferkiezing foar katten. Neffens Annelies fâlt it wol wat ta mei de spanning mar har lichemstaal seit wat oars. "Earlik is earlik , it is in fokje fan mysels,at dy wint dat docht wol wat mei dy".

Rinkse Vogt fan de Westereen hat hast 45 jier by deselde baas wurke, mar no is it klear. Se is har karriêre begûn by de kassa. Fia ferskate ôfdielings hat se no alwer in pear jier in fêst plak op de tsiis en fleiswaren ôfdieling. Se hat in prachtige tiid hân en sjocht der as in berch tsjinop om op te hâlden. It is in stik fan je libben, mar ien kear moat it der fan komme.

Missferkiezing foar katten op De Gordyk

Wurdt Lieve keazen ta de moaiste kat?

Hast 45 jier winkelfamke

Rinkse Vogt hat sawat 45 jier yn deselfde supermerk wurke.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)