Hea! fan 6 novimber 2018 17:35

Alle tiisdeitemiddeis rint in groep fan likernôch 14 senioaren troch it Rasterhoffpark yn Snits. Under lieding fan sporttrainster Hennie Jellema wurde ûnder it kuierjen de nedige oefeningen dien, want de groep wol goed fit bliuwe.

Al tsien jier foarmet Ko Maring mei syn hûn Mink in team, tegearre hoedzje se in kudde skiep by Bakkefean. Mar Mink giet hast mei pensioen. Syn opfolger is Djok en dy moat noch in soad leare. Mar de bân dy't sa belangryk is tusken skiepsherder en skieppehûn, dy is der al.

Fitte Snitser Senioaren groep

Ien kear yn 'e wike fit kuierje yn it Rasterhoffpark. 

Telepaty tusken minsk en hûn

It teamwurk tusken skieppehûn en herder. Ko Maring traint syn jonge hûn Djok.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)