Hea! fan 6 novimber 2017 17:35

De klokopwiner fan Tsjalhuzum giet mei pensjoen. Al 20 jier rêdt Siep Wiersma mei it opwinen en lieden fan de klok. De klok sil fan no ôf elektrysk opwûn wurde, mar der moat wol alle dagen om 12 oere ien hinne om him te lieden. En dat is net samar wat...
Hy is noch mar 13 jier en no al in grut fisktalint. Christiaan Dijkstra út Wolvegea hat op in goeie dei sa’n 200 fisken oan syn heak. En yn septimber is er Nederlânsk kampioen fiskjen wurden by de junioaren.

De klokopwiner fan Tsjalhuzum

Siep Wiersma is al 20 jier klokopwiner

Fiskkampioen

Te fiskjen mei Christiaan Dijkstra

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)