Hea! fan 6 novimber 2014 18:20

Ek dit jier organisearret maneezje de Hanzeruters fan Boalsert wer in keuring foar bisten. De bern kinne harren hûn, kat, knyn, geit, ponny, hynder of keal meinimme. Alle bisten wurde keurd en der binne ek moaie prizen te fertsjinjen.

Yn 'e buert fan Reahûs is in grutte baggermasine oan 'e slach om de wetters te ferdjipjen. Dit is wer in machtige klus en Klaas Haitsma en Tseard van Wijngaarden kinne der moai oer fertelle.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)